Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Wintercrosse

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy hie in fyts mei winterbannen
en in frame fan suver goud,
wie sels mei Gold Strike smard,
dat neat giet crossend fout,
sa tocht er mei noch waarme hannen.

It hie wat fan in wite wide
wrâld dy’t foar it foartsjil lei
mei hjir en dêr wat swart;
de flesse hied er mei,
dan soe it, tocht er, better ride.

Image

Wat swart wie, koed er net ûntwike,
dat de flesse skeat nei ’t iis;
hy hie him doe ek ward
mei ’t keatting yn de tiis,
lykas it op it wite like.

Image

Gold Strike hat er noch in gisel jûn,
doe is er crossend fierder rûn.

admin

Ierdske ingels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It barde op dyselde dei
dat elk wat hie mei it hielal,
om’t dêr op ’t lêst de takomst lei,
de ierde stie nei-oan de fal.

Image

De beammen wiene op dy dei
al jierren keal, gjin grien te sjen,
de loft die oan de wanhoop mei:
troch tsjuster like ljocht ferlern.

Al hie de ierde dan sawat
dy dei de lêste siken jûn,
’t hielal joech lucht, sa kaam it dat
in stjer de wûnen rap ferbûn.

Image

Wat is ien ingel yn de nacht?
Hy wie by ’t minskdom net yn tel,
it seach mear yn in legermacht,
’t kaam op de hiele kosmos del.

Doe fleagen swarte ingels oan
mei ’t boadskip hoe’t de ierde is:
sjoch hoe’t de nacht rint nei de moarn,
wy falle net, dat is wol wis.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum