november 14, 2022
Hy stekt syn skerpe snaffel út,
kin amper rêstich stean of gean,
it moat foar him hjoed barre,
steatlik set er stap foar stap
op ’e sneup nei bút.
Gek is er op in stikje fleis,
want fegetarysk smakket net,
dêr is er earrebarre
foar, it giet fan hap nei hap,
withoefolle deis.
Sy hâlde harren snaffel yn
en driuwe yn de eigen styl,
it mei har hjoed wol barre,
wêrom moat it altyd rap
mei net folle wyn.
* Foto ‘Earrebarre’
** Foto ‘Swannen‘
november 7, 2022
It mei har hjoed wer barre
as de keninginne fan ’t gebiet
mei njoggen gongen fan it miel,
sy hat it mei har steat fertsjinne:
swart-wyt is de earrebarre.
Sy lit mei steatlik stappen
sjen wat har op dit gebiet beweecht:
gjinien komt my hjir hjoed benei,
ik lit gjin mûs of kikkert rinne,
kin de gongen wol behappe.
Hy lit it hjoed net sitte
wat sy mei har grutte snaffel seit
en steatlik sjen lit mei har stap,
as mûzefalk sil hy it winne,
lit har dit op hichte witte.