november 28, 2022
De boei jout oan: far net ferkeard,
ik wiis de krekte rûte
nei wêrsto hjoed ek hinne moatst,
de mist sil dy gjin parten spylje,
in spul fan neat.
De einen binne stomferbaasd,
men heart har dus net kwêkjen
oer wêr’t de skipper hinne moat,
de mist sil him grif parten spylje,
’t giet op ’e taast.
De mole sjocht it stilsteand oan,
kin troch de mist net wjukje
en wize wêr’t it hinne moat
mei ’t fokje dat gjin rol noch spilet
ier yn de moarn.
De skipper wit: de koers is súd,
de sinne yn de mjitte
dy’t wis wit wêr’t er hinne moat
wol hy in ljochte rol hjoed spylje:
dy rjochting út.
november 21, 2022
De beam sjocht hjoed de dize
wer, sûnt moannen foar it earst,
en skrillet dêrfan wekker,
wurdt him fan de tiid bewust
dat hy syn griene kroan ferliest
en ropt de sinne oan om útstel.
De sinne sil grif rize
heger as de dize sjen
lit en de beam ferwachtet,
want hy is him wol bewust
fan tiid en oere op ’e wrâld,
it útstel past net yn syn omgong.
Sjedêr… op eigen wize,
simmerdeis net foar it earst,
brekt hiel it lânskip iepen,
no earst stekt de beam bewust
de lege wolk hjoed nei de kroan,
fan útstel wol er neat mear witte.
* Foto ‘Lânskip yn de iere moarn’
** Foto ‘Lânskip yn de rin fan de dei’