december 12, 2022
It kin noch net, it giet net oan
om al foar winternocht te gean,
de guozzen litte noch net witte
dat Rûchburd no yn oantocht is,
lit stean dat hy sit op syn troan.
It wie net wiet genôch fan ’t hjerst
foar winterdeis in heger peil
sadat it bûtlân ûnder wetter
strûpt, Rûchburd kin syn gong dan gean
en fiert sa út de earste test.
It iis ferliest it fan it grien,
dat oeral heech de kop opstekt
om iere riders op te kearen,
de test kin Rûchburd no net dwaan,
men sjocht op ’t bûtlân noch gjinien.
december 5, 2022
Trijedûbel is de rûnte
nei in nacht dy’t sûnder mar
ien stjer of moanneglim ferrûn,
sy rûnen troch deunby de mar.
Mar sjedêr… de sinne kleuret
fel de himel, ek de mar,
dy’t as in spegel tsjinnet, rûn
of hoekich, wetter hat gjin kar.
Lit dy beide fierder rinne,
heit en soan, ek bol en byld,
de lêste beide oant de jûn,
sy reitsje yn de nacht út byld.
Heit en soan, sy rinne fierder,
statysk op it blauwe boerd,
sa ha sy mannich jier al rûn,
foar rappe rinners wiist it goed.