Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Krêft kontra macht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De poaten hat er yn de grûn,
de klauwen fier foarút,
de kop hast yn de wolken,
oan gjin oare libbens bûn,
stiet fêst as einbeslút:
de macht oer alle folken.

Sa hat de skiednis syn symboal:
diktatorskip as boal.

Hy hat in lytser plakje fûn,
beskieden boppe ’t hout
mei útsicht oer it wetter,
’t kroangiel as de sinne rûn,
mei ’t wif bestean fertroud,
gjin noed oer wat komt letter.

In suver teken fan it hjoed:
yn bloei foar ’t riist de floed.

Image

admin

Topgeheim

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

Se moasten wikenlang de greide yn
as militêren fan de âlde lichting
foar in oefening yn ’t stjitten
fan moarns ier oant jûns yn waar en wyn,
se ha it witten!

De grutte, stille heide wie it plak
fan har kazerne mei wol sân barakken
middenyn it smûke Drinte,
mar de greide hie in sigend dak:
de legertinte.

De oarder wie: mei ’t stjitgewear op wacht
fanwege militêre topgeheimen
yn it sintrum fan de tinte,
want it gie yn ’t lânsbelang om macht
en jonge finten.

It topgeheim kaam nei ferrin fan tiid
foar eksersysje út ‘e legertinte,
’t wie in peloton rekruten,
’t oefenjen foar nij gewin en striid
hie dochs fertuten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum