Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Dy iene do

Lyrysk Deiboek


Alle jierren stiet it fêst
dat foar de beam in grûnflak is
om út te rinnen op in punt
dy’t wiist, mar dêr is ’t noch roettsjuster,
hopet men hjoed op in stunt?

Wûnders komme op it lêst
net foar om’t dêr gjin himel is
dy’t útsprekt hoe’t it komme moat;
ús hoop wie rjochte op earjuster,
mar dêrboppe bleau it swart.

Wiist it hjoed foar wa’t noch lêst
de lette tekens fan de dei
op hoe’t it nei de takomst rint?
It stikeltrie is net fan juster,
snijt de top derôf… wa wint?

Wa’t ferlieze, stiet al fêst:
de fredesdowen fan ien dei
dy’t koerend fleane foar ús bern,
mar ien do fljocht troch yn ’t roettsjuster,
iuwen bliuwt syn ljocht te sjen.


admin

Wite reager

Lyrysk Deiboek


Hy komt fan fier en waard hjir nûge
troch famylje, is dus ymmigrant
yn ’t lân fan dream en winsken,
fan opfang hat er gjin ferlet,
asyl oanfreegje hoecht er net.

In wite is wat oars as swarte
fûgel, hy wurdt sjoen as rike klant
dy’t mei syn beide poaten
de dei troch yn it wetter stiet,
It plak dêr’t hy himsels rynsk fiedt.

Sjedêr hoe’t hy de keunst ek stipet
mei ’t kontrast wyt-swart, gjin ymmigrant
stelt him sa tsjin it swarte
op mei as resultaat in byld
dêr’t hy himsels it bêst by fielt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum