Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Winterkleuren

Lyrysk Deiboek


Wat jout noch kleur oan it bestean
as febrewaris slop begjint
mei dize, storein sûnder ein
en wyn dy’t mar net lizze wol,
de winter spilet wer gjin rol.

Sa krijt de Fries nea wer in maat
oan froast dy’t soarget foar glêd iis
dêr’t wiken lang de ein fan wei
is… hold de eastewyn it fol,
dan hie de winter ek in rol.

Sjedêr, de himel jout hjoed oan
dat it begjin him soms fersint
en dat it noch net nei de ein
rint… brekke kleuren ienkear troch,
dan komt it winternocht ek noch.


admin

Fiskje yn it universum

Lyrysk Deiboek

Wannear’t de moarn syn kommen
meldt, dan lûke stjerren ’t ljocht werom
om troch te strieljen yn ’t hielal,
ûneinich is it universum,
gjinien hat tal en mjitte nommen.

De blauwe himel wachtet
op it kommen fan it grutte ljocht
dat net brekt troch de wolkebank,
mar wol skynt yn it universum,
dêrmei it hiele stelsel achtet.

Wat kin dan noch in minske
mei syn angel fiskjend nei it ljocht
om op te heljen as er byt
hat, de sinne oan de loft bringt…
hat hy sa’n fangst net altyd winske?

Hy stribbet nei it witten
fan ’t ultime oan de fierste grins
dy’t nimmen ea berikke kin:
syn angel is te koart, syn hoek te
lyts, mar hy giet der net by sitten.



Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum