augustus 19, 2024
Wêr’t it hinne rint of driuwt,
gjinien kin sizze hoe’t it komt,
de takomst lit neat witte
oer wat op it minskdom takomt,
wêr’t men weikomt, is te mjitten.
Wolken is gjin mjitten oan,
feroarje fluch, fan tel oant tel,
ferbyldzje sa de minske,
dy’t dynamysk troch it libben
rint, gjin weet noch hat fan moarn.
Driuw net mei de wolken mei,
dy’t meisleept wurde troch de wyn,
oplosse yn de sinne;
wat de minske takomt, nimt er
mei, de takomst is te winnen.
augustus 16, 2024
fan ûnbekend*
Lit skilders komme om
te konkurrearjen mei
de kleuren fan El Nido,
eilân dat him mjitte kin
mei mear as tûzen oare
yn provinsje Palawan.
De tinten grien en blau
dy kontrastearje mei
it donker fan de rotsen;
skilders kinne dat wol sjen,
mar komme net nei foaren
mei har eigen masterplan.
* Foto ‘El Nido yn de provinsje
Palawan (Filippinen)