Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Thús fakânsje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wa’t net loskomt fan syn wente
tusken fûnemint en nok
en dochs ferlet hat fan de mar,
kin kieze foar in stielen bak,
in hierhûs tusken kop en kont,
en kriget mear as syn gerak
mei ’t feestgefoel fan thús fakânsje
wylst ik far.

Farrend krigen sy garânsje
dat foar har in haven wie
mei plak foar izerbak en hok,
op ’t lêst hie elkenien in fak,
al is it net foar ’t hiele front,
sy krije mear as har gerak:
’t gefoel fan hjir en dêr fakânsje,
mar dochs drok.

Image

admin

Ikoanwijing

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se rûn al nei de njoggentich,
in heks en ingel tagelyk
en troch de jierren in ikoan;
hoewol’t se rûn wat wif en bryk,
siet sy noch altyd op deselde troan.

Image

Se makke foar it wijen klear
it Wurd, it wetter en de kwast
foar Jezus Kristus, har ikoan;
se hie Him sjoen foar rút en kast
mei bleate holle sûnder strielekroan.

De wurden spriek se justjes bryk
fan ‘nei ús wurd fan lof en ear
wol seine jaan oan de ikoan’;
en Kristus seach: de lêste kear
miskien, dan sjongt se op in oare toan.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum