Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Lege bangalist

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

’t Is klear, syn willewurk as man,
hy hat syn plicht wer dien,
want soks is yn de maitiid regel,
hy kleuret der noch glânzjend fan,
dat sjocht men yn de spegel.

Image

It is ferfelend sûnder wiif,
dêr kin er net goed oer.
Wa stean hjoed op ‘e bangalisten?
Hy fielt de ridel yn it liif
fan al dy brune bitchen.

’t Is stomme raar, hy treft it net,
der binne mear yn ’t spul
fan lit ús hjoed ris lekker rûtse,
dus dan mar sûnder hoer of slet
elkoar de fearren poetse.

Image

admin

Lêst of lust

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De havenmaster seach yn ’t blau
en loek de holle fol mei tearen
as de weagen foar de kust:
‘It hiele jier troch bin ‘k yn tou,
it is in lêst yn plak fan lust,
ik kin net oer myn klanten beare.’

De sinne kriich it op ‘e kop
om’t dy it hiele jier troch skynde
op ‘e weagen foar de kust,
want soks ferfeelde, brocht de strop;
as Friezen bearden: ’t is in lust,
dan fûn de master dat it skrynde.

Sa kipen Friezen yn it blau
dy earste moaie maitiidsrite
by de haven oan de feart;
se makken ree de pream en skou,
in nij seizoen wie net ferkeard,
dy ûnderfining soe net slite.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum