Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Grutsk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It spat derút, in sulverboarne,
lykjend op it klearste wetter
dêr’t in elk fan drinke kin,
’t is slagge, want it hie wol sin,
’t koe amper better.

It management siet op ‘e brêge
fan it skip en wie tefreden,
want de tanker lei op koers,
de skermen joegen amper rûs:
in hôf fan Eden.

Image

Dat grutsk mocht de bemanning wêze
op ‘e goede resultaten
mei de hân en ek it wurd;
it skip, sa tusken lyts en grut,
rûn yn de gaten.

Soms rint in mammoet op ‘e klippen,
mar dat binne oare skippen.

admin

Untmoedigingsbelied

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy wie in stûfe smoker,
want as liuw wie hy model
yn ’t lân fan ien foarop en dan it stel,
it is gjin hin dy’t net roke kin,
wa’t net rikket, stiet foar joker.

In oare perioade
stjoerde nei ûntmoediging,
de sigaret gie troch foar kankerding,
it is in spin dy’t soks litte kin,
wa’t noch rookt is út ‘e moade.

Mei wyt en ek in wyske
kaam men fan ferslaving ôf,
de liuw seach doe fan argewaasje blau,
want as in bist fan sjedêr, sa is ’t,
koed er nearne kwyt de jiske.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum