Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Teatraal drama

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik rûn dy moarn by it teater lâns
en seach de grêft as spegel fan de huzen
doe’t beweech yn ’t wetter kaam,
wat my yn de besnijing naam:
in walfisk… dit waard dan myn kâns,
want hie dit wetterspul gjin luzen?

It wetter kleure oars, ’t waard wyt en grien
as troch de ljochten fan ús nij teater,
folge troch opnij beweech,
de walfisk kaam no grif omheech,
mar sjoch, it wie in lytsenien
dy’t weiwaard yn de ielgoeskrater.

Image

De ljochten kleuren ’t wetter read as bloed,
symboalysk foar de fûle strideraasje
mei it wisse einbeslút:
it libben gie deryn en -út.
Ik wist, de wâl bringt fisk yn noed,
in drama mei ferdivedaasje.

Image

admin

Alvemarretocht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Kin in moarn noch moaier wêze
as it blomte wekker wurdt?
De krûden piipje ’t wite liet,
rûnom is ’t bûtermerk te lêzen,
wylst in frommes mei de flagge stiet.

Mei har kleuren lit se witte
dat se ’t foar de maitiid docht
sa ier en strieljend yn de moarn,
se kin har mei de blommen mjitte,
mar de flagge falt wol út ‘e toan.

Dan beweecht se beide earmen
wylst it read him no bewiist
foar fytsers boppe ’t bûgde stjoer.
Wa hat noch each foar kleur yn bermen?
Yn de fierte wankt de Jouster toer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum