Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nei hingje rize

Lyrysk Deiboek


Soe men net hingje litte
alles wat mar hingje kin
oan ierdeswarte tinzen
oer wat op ’e ierde bart…
wêr binne noch de grinzen?

Men wol it eins net witte,
mar it komt oer elke grins,
it is net tsjin te hâlden
dat de ierde skodde hat…
men libbet yn mear wrâlden.

De himel hat bloed switten,
mar dy hâldt him fierder stil,
it is it ivich swijen
oer wat op ’e ierde bart,
al riist it razend lijen.

Of lit it read hjoed witte
dat it jûn wer reine sil,
de wetterspegel rize,
men fersûpt as swarte kat;
der falt neat mear te kiezen…

… as tinzen hingjen bliuwe
by wat op ’e ierde bart,
betink dat alle knoppen
iepenspringe út in swart
bestean, ’t giet wer nei boppen.

admin

Winterkleuren

Lyrysk Deiboek


Wat jout noch kleur oan it bestean
as febrewaris slop begjint
mei dize, storein sûnder ein
en wyn dy’t mar net lizze wol,
de winter spilet wer gjin rol.

Sa krijt de Fries nea wer in maat
oan froast dy’t soarget foar glêd iis
dêr’t wiken lang de ein fan wei
is… hold de eastewyn it fol,
dan hie de winter ek in rol.

Sjedêr, de himel jout hjoed oan
dat it begjin him soms fersint
en dat it noch net nei de ein
rint… brekke kleuren ienkear troch,
dan komt it winternocht ek noch.


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum