Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Winstjacht

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Soms is it libben as metaal
sa hurd en skerper as in mes
foar wurkers yn fallite tiden,
as de baas giet oan de haal
mei rustfrij malusjild, gjin rest
mear om wat oan te bieden.

’t Moat kinne, want as liberaal
hat men de frijheid fan it mes
dat flymskerp snijt nei beide kanten;
dat is hjoed de dei ’t ferhaal
fan rustfrij bonusjild, de rest
is foar de lytse klanten.

Mar ’t reade bloeien is de taal
fan ’t hert dat foar de klanten slacht
dy’t amper der noch komme kinne,
libjend tusken hoop en haal
fanwege liberale jacht
op ’t maksimale winnen.

Image

admin

Plomp en sjek

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se komme wer omheech,
de Snitser pompeblêden,
foar de bioskoop
dwers troch Sinees en Heineken,
lykwols gjin fiksje, sa te sjen
is dit de plomp syn biotoop.

Men kin der wer by del,
want dêrfoar is dy treppen,
stap foar stap deryn,
dwers troch Sinees en Heineken,
want wat de plomp kin, kin in bern,
in smoarge grêft, ’t is jierren lyn.

Ynienen is it oer,
want driuwt dêr net Van Nelle?
’t Pûdsje swiere sjek
noch foar Sinees en Heineken.
Gjin pompeblêd is mear te sjen,
wa’t no deryn plompt, dy is gek.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum