Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Yn beweging

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Syn hiele wrâldsje nimt er mei
al traapjend oer de weagen hinne
mei de eagen op ien plak:
de dôber dy’t him wiist de wei
nei wat er helje kin… syn fak
fan fisker, poerallinne.

Image

It is de wrâld dy’t harren lûkt,
want ha sy net in wrâld te winnen
mei de eagen yn it rûn,
de hân dy’t roer en peddel brûkt?
Sy binne oan gjin weagen bûn,
mar slaan har dêr trochhinne.

Oan ’t jongfolk is de fierte jûn,
omdat sy yn beweging binne.Image

admin

Snitser breinwein

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
’t Is sneintemoarn, de twadde dei
fan ’t silersfeest, sawat in wike
leit noch foar de boech
foar fierders fan it wiete skaai
dy’t foar in tsiende krat net wike,
want de kiel wurdt nachts wer droech.

Image

It tintekamp leit achter doek
en ek noch yn in djippe slomme,
omdat yn de nacht
besite kaam fan ’t doarmjend spoek
fan Dionysos’ maat, dy’t komme
soe foar lege-harsens wacht.

Hy geat wat oer wie fan it brein
yn lege fleskes en ek blikjes
midden op ‘e dyk;
sy wachtsje op ‘e giele wein,
dy’t laadt de konservearre ikjes
foar it Fryske Omrin-ryk.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum