april 17, 2023
De iene is de oare net,
der is en bliuwt ferskil
yn foarm en kleur,
kwa kop en sturt
en ek ferskil yn wil?
De markol sit en foar it each
hat sy de put derút,
sy hat gjin kleur,
wat is har nut
as sy de eagen slút?
De miuw stiet stevich op ’e peal
en stiet eins ek foar peal,
wol gjin geseur,
sjocht oaren fuort,
dreamt fuort en libbet heal.
De markol komt no skerp yn byld,
sit willich op it nêst
fan kop oant sturt,
noch sûnder fleur,
dy komt grif op it lêst.
april 9, 2023
Syn bertestjer joech strieljend ljocht,
lykas de wizen witte lieten,
sa’nien waard doe wrâldferneamd
en soe syn ljocht grif skine litte,
mar it is de fraach wat hy hjoed docht.
Hy wie in Joad, gjin moadegril
woe hy de minsken hearre litte,
mar de wierheid, dy’t men neamt
te radikaal, dus lit mar sitte,
op Goed Freed briek men syn lea en wil.
Op Peaskemoarn, sa’t men doe sei,
kaam hy it grêf út, wer ta libben,
rekke dêrtroch wrâldferneamd,
syn ynfloed koe men amper mjitte,
’t is de fraach hoe sit it hjoed de dei?
De Joadestjer mist hjoed it ljocht
en alle grêven bliuwe sletten,
opstean docht men yn de wrâld
tsjin ûnrjocht lykas hy ek witte
liet en die, de fraach is wa’t dat docht.