Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Boer Ban Beweging

Lyrysk Deiboek


Dôf foar de maitiidsrop
stiet sy al jierren statysk,
getten yn de hurdste stien,
hoewol’t stôkblyn foar kleur en fleur,
ropt sy ta aksje op.

Sjoch nei myn maten yn
de flecht, net yn de greiden
mei it grienste Ingelsk raai,
al jierren sûnder kleur en fleur,
dat feest wie lang ferlyn.

De boer as maat fan mear
en mear mei megastâlen,
folge sa de maatskippij,
fûn fûl natoerprotest geseur,
wie mei de stikstof klear.

Dus stiet de strânljip op
ien poat, as akrobatysk,
mar de twadde is fergien,
de snaffel hat noch amper kleur…
wa heart no noch syn rop?

admin

Swart-wite omkear

Lyrysk Deiboek


Har bestean ferrint swart-wyt:
sy sjocht it swart yn
as it winter is
mei koarte dagen,
lange nachten, kâns
foar ’t lizzen is der net,
se kin har aai net kwyt.

Mar wannear’t it maitiid wurdt,
sjocht sy it ljocht yn
alles wat der komt:
de lange dagen,
koarte nachten, kâns
foar’t lizzen fan in aai,
sy fielt it oan de sturt.

Har ferrek klinkt skril en fier,
want wyt wurdt troch de
snie ynienen swart
as wie it winter,
fearren, út balâns,
fertelle har net mear
swart-wyt de tiid fan ’t jier.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum