Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Famylje út Brussel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
fan Jan Toorop*

Image

It soe yn Brussel wêze kinne,
mar likegoed yn Amsterdam,
dêr’t foarm en kleur itselde binne,
in romte sûnder flok of flam.

It soene susters wêze kinne,
dy twa opmerksum foar it wurd,
de tredde yn de slom, allinne,
in oerke sûnder nocht of nut.

It soe in krante wêze kinne,
mar likegoed in brief út Gent,
sa litte sy dat oerke rinne,
se binne flok en flam net wend.

It is lykwols in byld op linnen,
’t kin Jan neat skele wêr’t it is
of wêr’t dy froulju deis op stinne,
mei mear is net it minste mis.

*  Jan Toorop (1858-1928)
hold der yn it begjin
fan syn karriêre net fan
om oan syn skilderijen
in namme te jaan.

admin

Ferskil yn komôf

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Men sjocht it faak al út ‘e fierte:
it stal, de stap fan feint of faam
en ek op ’t earste each fan man of frou,
sy binne grif fan heech komôf,
de gong troch ’t libben is foarnaam,
sy wolle dat ek witte.

Image

Mar sjocht men har dan letter sitten…
of stean, soms ek noch op ien poat,
de eagen op it iepen fjouwerkant,
dan is de libbensnocht ferband,
se sitte: fraude of in moard,
mar wolle dat net witte.

Sjoch dan de brune of de swarte,
hoewol net altyd like skjin,
sy driuwe, mar net op in heech komôf,
har frijheid komt net yn it nau,
sy swimme mei in fleurich sin
en fleane sûnder moatten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum