juni 19, 2023
Syn ringen litte ús no witte
hoe lang er op it hiem stien hie,
hoe lang syn blêden skaad jûn hiene,
lykwols net hoefolle fallen wiene…
langer as in iuw.
Soest him mar salang libje litte
oant hy syn eigen ein oanjout:
eutanasy sa’t minsken dogge
as sy net ûndraachlik lije wolle,
jou de lêste triuw.
No leit er dêr yn hûndert stikken
troch deaslach en gjinien dy’t rout:
de neisten hiene in fergunning,
dêrom hie de beam neat mear te wollen,
sels net nei in iuw.
Hy kin no net mear heger rikke
mei fragen oan de beammegod
om bystân en in langer libben
om foar ’t minskdom soerstof oan te meitsjen,
’t wie syn heechste driuw.
juni 12, 2023
It giet him net om ûnderdak
te kommen, dit is him te lyts,
de romte mei er leaver lije,
tusken beammen fljocht er graach,
syn foarkar is gjin fraach.
Hjoed kiest er foar it itensplak
bedoeld foar lytser fûgelguod,
gjin honger hoecht er hjir te lijen;
nei’t er opset hat syn kraach,
begjint er sûnder fraach.
Syn sturt en poaten earst teplak
as steun foardat it heve kin;
mei oaren hat er gjin meilijen,
dy’t op him de smoar yn ha,
hy fret hjoed wol foar twa.
Sa krijt er mear as syn gerak
fan út ’e pot it nútsjesmoar,
in streksum miel mei hy wol lije;
mei’t er hakket derop ta,
wol hy sa alles ha.