Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Gay

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

Hoefolle wurdich is in namme
op it asfalt fan it paad?
Allinnich letters kin men telle,
kwantiteit is net gelyk oan ’t aard,
soks docht de kriter ûnbeskamme.

Wa kin dy jonge net, ’t is Maikel
dy’t gjin fuotbal reitsje kin,
fansels, hy sil it net fertelle,
mar ’t is oan dat suertsje wol te sjen,
hy is no ienkear gay, in eikel.

Hy doart it oan gjinien te sizzen,
wit it sels net… hielendal,
kin ien foar ien de pesters telle,
alve tsjin mar ien, dat wit er wol,
syn namme wol er leafst net misse.

admin

Blikenerzjy

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It rôle sa de maitiid yn,
’t wie wol betiid yn maart,
gjinien hie dêr problemen mei,
it lei him oan de soele wyn,
de wille wie dernei.

It rôle fierder mei de wein
as earder wol yn maart,
de útlit fielde waarmer oan,
de gassen binne heger flein,
’t foarútsicht: blik foar moarn.

Image

Hy rôle ek de maitiid yn
mei tsjillen, seal en stjoer,
de enerzjy kaam út it blik
en nocht fan bloei en sinneskyn…
ynienen wie it oer.

It rattele de maitiid út
mei blikjes yn it tsjil,
gjin enerzjy mear foar ’t ferfolch,
mar ’t stek is net it einbeslút:
de wei komt nei de wil.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum