Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Spegel fan de sinne

Lyrysk Deiboek


As de dei lûkt nei de jûn,
it túch him deljûn hat,
de wyn no noch net lizzen
giet fanwege ’t feestlik sicht,
dan wol ik swijend sizze:
Wolkom freugde fan de nacht,
de flagge lit jûn sjen
ús bliidskip om it folle
ljocht, dat mear is as dyn plicht,
do hast it yn de holle
jûn tichtby de wrâld te stean,
dy’t him kalm deljûn hat,
dat wy genietsje kinne
fan dyn knypeach yn de nacht,
do spegel fan de sinne.

admin

Unwis witten

Lyrysk Deiboek


De nacht kin noch sa tsjuster wêze
en de pannen swart as roet
of twa ljochten litte witte:
úteinlik komt it goed.

It sjitten kin de folken reitsje
sá dat streamt in beek fan bloed
nei de see dy’t heech opspilet:
it komt wiswier net goed.

Twa ljochten ha noch dit te sizzen:
as de see it net mear sjocht,
soene wy it dan wol witte
as kombinearre ljocht?

Natuerlik en keunstmjittich roppe
op de dei foardat de stream
oankomt by de see, it ljocht lit
sjen: sterker is de beam.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum