Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Yn lykwicht

Lyrysk Deiboek


It falt net ta de trijeling
te lieden nei de takomst ta,
selsstannich wurde is it stribjen,
letter sels foar neiteam gean,
belangryk is yn lykwicht libje.

It lykwicht hâlde op in ding
dat yn it wetter driuwt is dreech,
mar wol de muoite wurdich, sûnder
âlders dy’t dêr ek op stean,
kin ’t net, dochs no giet soks foar wûnder.

Der hearsket frede ûnderling,
want dêrfoar is ’t in trijeling,
dy’t sprekend op elkoarren lykje
fan de snaffel oant de tean,
sy sille it bestean ferrykje.

admin

Omkeare en oproppe

Lyrysk Deiboek


Gjin minske kin de bloei oproppe
út ’e djipte fan de feart,
hy rekket earder yn betizing
troch de spegel sûnder dat
de wyn it byld ferbrekt…
wat is ûnder, wat is boppe?

De beammen dy’t de krún opstekke,
dogge dat ek yn de feart,
mar kinne ek gjin bloei oproppe
foar de pompeblêden; foar’t
de wyn it byld ferbrekt,
stekt de minske út de nekke.

Hy sjocht de stoel yn ’t wetter driuwen,
dy’t er foar himsels earst keart
om sittend te genietsjen fan it
byld dat mannich pompeblêd
him biedt, it is dan krekt
oft se bloeiend nei him wiuwe.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum