Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Ljochte eintiid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De eintiid stiet der oan te kommen:
Midden-Easten, East-Europa en VS;
mar earst noch seisensechtich bommen
op Al Qaida, Boko Haram en IS,
dan skuorre wolkeloften iepen,
krijt de ierde fan de himel fredesles,
mar weagje net om noch te sliepen.

De eintiid komt om te ferdommen…
woene wize witters ’t al net seis kear ha?
En alle sûnders op te romjen…
wolle wylde wrekers dêr ek net op ta?
Dan lôgje yn de hel de flammen,
skroeit it skamhier fan de glêde hûd, no sa!
De himel winkt mei santich fammen.

De winter-eintiid stiet op kommen,
dat dit jier al wer gjin Alvestêdetocht,
wy binne leaver heal ferklomme
as dat ús ûntnommen wurdt dat Fryske rjocht,
no sjogge wy ’t foarútsicht teien
yn de flammen fan de tiid, dat felle ljocht…
sjedêr de klokjes, himelsk kaaien.

Image

admin

Bloedread út ‘e krisis

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Krisis yn de winter:
keale tûken, brutsen troch de stoarm,
in laachje iis op ’t wetter,
alle tinten yn it griis
en by it wek wei klinkt alarm.

Oerlis oer de krisis
fan de pommeranten yn wyt-griis,
wol tichtby iepen wetter,
fiskjend nei it kapitaal,
it unifoarme makket wiis.

Ien hat it net makke,
stiet fansiden bûten it ferhaal
fan iepen bliuwt ús wetter,
ek al friest it dat it klapt,
wy binne neo-liberaal.

Mar sjedêr, reboelje,
om’t it iiskâld yn dy iene knapt,
it bloed komt boppe wetter
foar de baaskes yn it griis,
de reade wjukken ha it lapt.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum