Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Aaklik Biste Nijs

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

Image

Der wurdt wol sein: in kening is ’t,
in foarst eal fan karakter,
dy’t oan elk syn oandiel jout,
mar wa’t soks seit, wit fan gjin list,
de liuw is net fertroud.

Der wurdt wol sein: in salm is fet,
dat sit him yn de genen,
’t fretten is him tafertroud,
de lytse fiskjes mijt er net,
syn bek blinkt fan it goud.

Wy sizze: hâld dy bisten tsjin,
sy hawwe grutte bekken,
frette út in oar it fleis
en feie harren hûd wol skjin,
in Aaklik Biste Nijs.

Image

admin

Skipperje

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sy sit heech boppe wetter,
swarte fûgel fan de nacht
dy’t wite wurden skyt,
in fretter fan de grutte fracht
dy’t dûkend fiskjes byt,
de hals wurdt hieltyd fetter.

Sy fangt mei soartgenoaten
yn de mande fivers leech
en hat it steilste wurd,
gjin draaierij is har te dreech,
se skippert mei de sturt,
raast út har falske noaten.

Sy praat heech boppe wetter
har ferdraaide nekke skjin
om idel troch te gean
mei soartgenoaten yn de min
dy’t foar it pealtsje stean,
gjin spegel is moarn better.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum