augustus 28, 2023
Hoe kin men op it toppunt komme
fan it leauwe yn it lok
fan alle minsken yn de stêd
dêr’t skieding lang de oerhân hie,
wat hie mear fan in flok.
Slaan steigers on safier te kommen
dat de glâns fan eigenheid
wurdt sichtber yn de hiele stêd,
yn harmony mei ’t kariljon
wint iepenheid it pleit.
De oprop klinkt om hjir te kommen,
want Martinus liet ek sjen
en hearre hoe’t it leauwe heart
te wêzen: iepenheid foar elk,
oars as in sletten clan.
Sa kin men op it toppunt komme:
nei de steigers iepen hûs
foar folk dat nei de oprop heart.
augustus 21, 2023
De himel jout it faaie teken
dat it twa foar tolven is,
noch hûnderttweintich tellen
foar’t de klok begjint te slaan
foar saakkundigen en leken.
De leek seach ’t swurk al langer driuwen,
nei in hjitte rite dy’t
oer ’t wjerljochtsjen fertelde,
wylst de wittenskip alarm
sloech om by de tiid te bliuwen.
De raffels boppe beammen driigje,
mar dêrtusken bliuwt it ljocht,
noch hûnderttweintich tellen
foar’t de klok begjint te slaan
en de weagen meters stiigje.