Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Oarderlik swimme

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hat de grûn it pleit ferlern
en is it libben ûnderdûkt
of fan de ierde fage?
It is ûnwis, noch net te sjen,
gjin dier dat swimmend spoaren lûkt,
’t is leech yn ’t lêste fan de dagen.

Wetter streamde oer de grûn
en út ‘e hoale kaam it bist
dat draafde foar syn libben,
de gaos hat noch rapper rûn,
gjin minske dy’t de mûzen mist,
hy fielt him oan wat oars besibbe.

Lûkt de leechte ’t libben oan
dat út ‘e aaien brutsen is
om oarderlik te swimmen?
It is de mem dy’t mei fertoan
it spoar lûkt… sjoch hoe’t fjouwerris
de piken har as foarbyld nimme.

Image

admin

Omkearde skepping

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De greide hie syn tiid wol hân
en liet de keppel skiep ferdriuwe
foar asyl yn ’t bûtenlân,
neat soe itselde bliuwe.

De meunsters frieten al it grien,
wat oerbleau wie allinnich modder
foar wat oars? Dat wist mar ien:
de skepper of de bodder.

De skepper skoep út neat gebiet
sa’t yn it oerbegjin de ierde
boppekaam út wat wie wiet
om  wenplak oan te bieden.

Mar sjoch, it barde krekt oarsom:
it wetter streamde oer de ierde.
Wie it goed of earder stom?
It wie om nei te rieden.

De dagen nei de wetterfloed
kaam yn dat gea it hôf fan Eden
foar it fûgelguod, foargoed,
de skepper wie tefreden.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum