Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Fersliten skonken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De finish is noch withoefier,
wol twaenfjirtich kilometer,
de hân omheech is fierste ier,
de tomme eaget folle better.

De maraton is foar de gek,
dy’t no noch stiet op sterke skonken,
mar ûnderweis fielt mannich stek,
de pine sjit him troch de bonken.

Wannear’t de finish komt yn sicht,
dan moat er ’t lijen wol ferbite,
hy glimket breed, syn trêd wurdt licht,
de skonken binne wol fersliten.

Image

admin

Tuorren op ‘e stream

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Natuerlik bylket dit gebiet
mei ’t romme wiet en ’t opgeand reid,
dêr’t sjongt de karrekyt syn liet,
de hazze by de kant omskaait.

De arke skaait al nei kultuer,
hoewol’t it hout komt fan de beam,
sa’t Noach seage, wie dochs puer,
dat barde foar de grutte stream.

De toer wiist from de hichte yn,
want skoep de Skepper alles net?
De geast komt oan as op ‘e wyn
en hat al mei de takomst ret.

Sjedêr, twa tuorren op ‘e stream,
kultuer dêr’t Noach net fan wist;
wa’t bliuwt yn ’t reid of by de beam,
sjocht nei de boat, dy’t er dan mist.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum