Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Frontkwestjes

Lyrysk Deiboek

 

PDF Print E-mail
Image

De stjoerhut fier nei foaren,
want it giet net om it front,
wol om it lange achterdek,
sjedêr de swart mei giele pont.

In kwestje fan minuten,
want it wetter is net breed,
dus komt der al in brek of lek,
dan is der rêding út ‘e need.

De stjoerhut fier nei foaren,
want in camper easket plak,
wat letter liket it net gek:
op ’t eilân ha se ûnderdak.

In kwestje fan earst rôlje,
dêrnei ’t rêde mei de pont
en stilstean by de start en striid
fan ’t fanatike silersfront.

Image

admin

Miste kâns

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik stie foar de suggestje iepen:
om fiif oere wurdt er read,
it sicht derop is net ferkeard;
ik woe my net fersliepe.

De waarman liet de kânsen iepen:
wolken komme tichterby,
it kin ek wêze ’t sicht bliuwt frij;
ik woe de kâns wol gripe.

Image

Ik hie him sjoen om njoggen oere:
rûn en grutter as normaal,
mei spriek de do in kleare taal:
ik sil fannacht ek koere.

De eagen die ‘k by skimer iepen,
foar dy opslach waard it read,
ik wist op slach dit wiist ferkeard:
de do hie him fersliepen.

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum