Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Status apart

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Breed, it breedst, dus breder kin it net,
de uny fan it swarte folkje,
dat gearkomt nei in djippe dûk,
dat is no ienkear it gebrûk
om sa de ienheid te fertolkjen,
want wet is wet!

Breed de wjukken sûnder dêrop fet,
lit dan de drippen mar ferwaaie
as ’t folkje mar in ienheid bliuwt,
wat ek de solofleaner driuwt…
wol dy dan mei de flerken swaaie?
Dat kin dus net!

Sjoch him sitten op in hege peal,
alhiel apart fan ’t unyfolkje,
hy makket him in meter breed
en jout in gjalp, lit ek in skeet
om ’t eigen ego te fertolkjen…
kleur heal om heal.

Image

admin

Strategysk bleat

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De jierren troch yn waar en wyn
fersliet syn hurde hûd,
gjin ynslach fan in kûgel
die him sear, ferflein wie alle moed
as fan in skeinde fûgel.

Se hisen him yn ’t giele himd,
de helte mar, foar skut
stie hy de hiele winter
sûnder hoop op fijâns swier geskut,
hy fielde him Jan Splinter.

It himd waard roppe fan syn liif,
hy stie wer dûbel bleat,
strategysk hiel bysûnder;
’t langstme hold er dat de fijân skeat…
mar leauwe yn in wûnder?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum