Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Hy wie yn De Haach

Lyrysk Deiboek

p1020461

Ik stie sneon mei de mûle iepen
yn it sintrum fan De Haach
doe’t Hy stie yn de midden
fan it demonstrearjend folk;
it bleau foarearst de fraach
oft ik dêr dreamend stie te sliepen.

It folk hie dat net yn de gaten,
ik bedoel dat Hy it wie,
Hy stie dêr net te bidden,
ek net yn in ljochte wolk;
ik wist my noch gjin rie,
faaks koe ik efkes mei Him prate.

Mei ’t folk begûn Er op te rinnen,
tusken blyn, reumatysk, mank,
Hy hie in boerd yn hannen:
SOARCH FOAR AL DIT EARME FOLK
foar swart en brún en blank…
’k wie út ’e rie en rûn derhinne.

‘Mynhear, ik hie Jo net ferwachte
tusken al dit reade folk.’
Hy sei: ‘Ik bin foar plannen,
rjochte op ’e earmen, want
foar harren bliuw Ik tolk.’
Ik wist syn rie: gean troch tsjin machten.

zorgfonds-jpeg

admin

Skilderij

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail

De sinne strykt mei brede streken
de kleuren oer it wide gea,
it maitiidslânskip wurdt him sprekend,
it sinneljocht fersint him nea.

De wylgen ha de tûken litten,
besnien, mar net ta stompe skea,
sy koene doe it doel net witte
fan harren sterk beheinde lea.

Wat hinget tusken ljocht en boaiem,
ferburgen foar wa’t eagen mist,
mar sichtber foar de mins dy’t meistimt:
in lânskip yn in houten list.

 

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum