december 26, 2016
It hat wer west, de dagen fleagen
fan moarns ier oant yn de nacht
en ik seach nei de loft
as stie ik koart op wacht
mei oars net as har komst foar eagen.
Op earste krystdei wie it rekke,
oars as ik ferwachte hie:
in brutsen ingelwjuk,
fertize yn de trie,
ik wist… se koene net ûntbrekke.
Op twadde krystdei hat it striele,
tûken heinden op it ljocht
fan ingels ûnderweis:
se hiene ’t boadskip brocht,
dy iene wjuk wie grif wer hiele.
Ynienen stie ik as ferstive:
tûzen ingels yn it swart
dy’t krasten har berjocht:
‘It is noch lang net bard,
de nacht komt noch, it fljocht tsjin fiven.’
december 19, 2016
Se lizze no noch op ’e strjitte,
de beammen út it lânskip socht
fan oeral ljocht- en donkergrien,
mar no in byld fan science fiction,
tsjusterte op hurde stien,
dêrachter kosmosmantsjes fan it ljocht,
dy’t alles fan de himel witte.
Dus moatte se fan strjitte rize,
de earmen dwers, de rêgen rjocht,
yn ’t wetterlânskip tusken stien
en stien, foar stedsjers sielefiksje,
mei kommersje ien en mien…
de kosmosmantsjes ha al lang har nocht
en litte wat se witte dizich.