januari 12, 2017
Hy stie as boade by de doar
mei rjochte rêch yn steatlik pak
wannear’t de tsjerkeklok wer liede moast,
it doarp joech oan, dat wie syn plak,
mar wie hy dêr net boade foar?
It wenplak oan de Grienedyk
joech yn de simmer klear de kleur
nei’t earst it bermkrûd helder ljochte hie,
dêr hearsken rêst en folop fleur,
in plak oan ’t paradys gelyk.
Hy fytste by de minsken lâns
mei ’t boadskip fan syn slimme kwaal,
’t berjocht dat hy dy simmer krigen hie,
manmoedich die hy syn ferhaal,
trochlibje hie foar him gjin kâns.
Sy stiene om har man en heit
mei soarch, want trochgean woe it moed
dat iepenstie foar leafde mei de hoop:
de dei fan hjoed wurdt foar him goed…
hoewol’t de dea gjin ein foarseit.
Wer stiet in boade by de doar,
in oare, want syn wurk is dien,
de winter streket feart en finne griis,
syn libben kleure ’t lânskip grien…
wie hy dêr ek net boade foar?
januari 9, 2017
Wat kin de moarntiid biede
oan ljocht en oar fermaak
de lêste oere yn it tsjuster?
’t Mystearje jout meastal as taak
om dêr yn stilte nei te rieden.
Dan rinst oer kronkelpaden
en sjochst de eagen út,
litst ûnferwachts it tastel flitse,
’t mystearje jout it oan as bút:
de wylde flecht fan tûzen kaen.
De stilte brekt troch ’t kriezen
fan skimen yn de hel
fan oars net as it neare tsjuster,
dan saaie se as sketten del,
wêr’t tûken harren plakje wize.
Dan rinst wer troch op paden
mei sicht op oar fermaak:
in rige rêgen yn it skynsel
fan taret wurde op ’e taak
fan hoe de dei besteklik lade.