februari 20, 2017
Sy wie gjin stjer fan Nederlân,
mar soargen hie se wol,
frege net it measte mear,
útspile wie har rol.
Mei ’t rinnen hold se wis wol stân,
in oere noch bêst fol,
stie foar ’t fûns as earste klear
en drafke fierder wol.
Lang libbe sy foar Nederlân,
mar wie no krekt in spûns,
útknypt foar de sânde kear,
dus rûn sy foar it fûns.
Sjedêr de mem dy’t hold ek stân
yn ’t bystean fan har bern,
is mei dit regear wol klear,
de helte is te sjen.
Lang libje bern fan Nederlân
dy’t rinne yn it spoar
fan de memmen jier nei jier,
moarn geane se derfoar.
februari 15, 2017
It kin noch net, mar ’t leit al ticht,
de brede rûte nei de mar,
de himel jout in kleurich sicht,
de nacht docht alle war.
De hoop stiet fjouwer kear op grien
en trije kear op winterklear:
gjin mêst of gyk, ’t is dêrmei dien,
de simmerstriid ferlear.
Dochs ljochtet it ferline op,
it âlde skip fan Earnewâld
foer sechtich jier ferlyn op kop,
no leit it stil en kâld.
It kin noch lang net, mar it bart
op rûte nei de Snitser mar
dat hiel de float wer folop fart,
dan is it túch oan bar.