maart 6, 2017
It minskdom hat it wol yn streken,
rjochtút rinne mêst en trie,
in matematysk sylsysteem,
faak statysk, selden út ’e rie,
kompleksiteit as teken.
Ynienen binne dêr de swellen,
komme sûnder ôfspraak gear,
yntuityf op ’t sylsysteem,
se fiele ’t oan, der komt in kear,
sawat ha se it helle.
Deselde mjitte as de âlden,
wjukken foar de lange flecht,
yntuityf op fêste koers,
dynamysk as in swel sa echt,
se binne net te hâlden.
februari 27, 2017
It wie op snein, ier en betiid,
gjin fûgel dy’t de dei ferkende,
planten rikten like heech
as troch de wike…
dêr rûn ik op ’t paad, it my bekende.
It wie in fiering mei in liet,
dat rûn op mjitte fan myn stappen,
alle dagen like rap,
it woe net wike
foar in song mei ûnbekende grappen.
It wie gjin grap mei swart en giel,
ik moast earst oan de dize wenne
foar’t de eagen krigen grip
en doe die bliken
dat it delkaam op it mar-ferkennen.
It naam oan hiel it moarnsfeest diel
mei ’t skynsel fan de boei en sinne,
út ’e lichte wei omheech,
it joech in bliken
dat myn paad lei justjes oars derhinne.