maart 20, 2017
Lit him mar op it spul takomme,
want hy hat it yn de macht
om mei de frachtwein fuort te riden,
nee, hy hat noch net folslein de fracht,
riedt him wol ta op oare tiden.
Dan is de wrâld foar him ferromme,
rydt er laden oer de grins
en sjocht himsels en beammen bloeien…
wie de fierte net folslein syn winsk?
Wol mei it each op fierder groeie.
Is oan de ein de hûd ferklomme
nei it lossen fan de fracht,
de bannen oant de trie fersliten,
yn it lêste hûs klinkt klacht nei klacht,
dan krûpt de wein, in drege rite.
Mar sjoch, ’t ferline kin noch boeie:
oer it wetter stiet in beam
dêr’t oan de tûken blommen bloeie.
maart 13, 2017
De holle hie ’k foaroer,
oars wie ik fierder rûn
en hie ’k der net by stilstien
dat wat fallen wie,
eins dûbel, sûnder stjoer
wie soks op slach ferrûn…
ik bin der net by fuortgien.
De fear foel samar op
dêr tusken swart en grien
as wie it in stillibben,
ynspirearre troch
in fûgel mei de rop:
‘Jim krije him te lien!’
De keunst wie ek syn stribjen.
Ik bûgde fier foaroer
en stoarre nei ’t palet,
teminsten sa’t it like,
mar de werklikheid
kaam skrinend op my oer:
de flinter wie te let
om foar him út te wiken.