Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Op ‘e oergong

Lyrysk Deiboek

Ier rûn ik by de streken lâns:
de wite dy’t gjin wein noch wiisde,
reiden dy’t net wiisden op
feroaring fan seizoen,
it brocht my justjes út balâns.

It koe net oars, it wie noch ier,
oer ’t winterlânskip lei de dize,
dy’t wjerhold de fûgelrop
om oan te gean ’t ferbûn
mei griene spruten… libjend wier.

Fier hoegde ik net mear te gean,
de wite streek soe my wol wize
wêr’t it grien kaam út ’e knop,
dêr’t ik de oergong fûn,
’k bleau yn balâns en lang noch stean.

admin

De lawei

Lyrysk Deiboek

Mei de baas foel net te spotten,
wat as peal stie boppe ’t fjild,
dêr’t feanarbeiders moarns betiid
al hinne setten om te wrotten:
grave, kroadzje, loegje en
ek lade yn de pream of ’t skip…
de baas syn eachopslach wie wiid.

Stadich glieden troch de oeren,
eagen kuerden nei de peal,
heech rizend boppe ’t fjild,
want soe de baas de koer al stjoere
om te skaften? Klear te sjen
wie de lawei no, ja ferhip,
in skoftke mar, want tiid wie jild.

Fleanend giene troch de jierren,
want de tiid hâldt nearne skoft,
mar dochs, dêr stiet noch de lawei
foar skiep dy’t yn de greide rinne,
frettend wurkje, skafte en
ek lizze, foar de mins de tip:
dy kombinaasje troch de dei.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum