april 17, 2017
Sjedêr, hy hat it hjoed wer rêden,
de kym hat him net keare kind,
gjin wolk of weach sil him ûntnimme
syn besieling foar it ierdske folk,
de delgong komt nei ’t klimmen.
De dyk rint faak mei party bochten
nei wêr’t de minske wêze wol
mei yn de moarn ferljochte dize,
fol besieling troch de fiere bol,
hy sil it paad wol wize.
De delgong komt mei swakke strielen,
foargoed foarby is ’t hichtepunt,
de kym wurdt net mear sa ferljochte,
ien kear noch, de alderlêste stunt,
dan nimt de nacht de rjochten.
april 10, 2017
It wetter jout de fuortgong oan,
wjerspegeling fan wat is klear,
in jierrenlang projekt,
dat oerkaam as folslein en skoan
op ûnderdak-madam en hear
dy’t him net gau ferrekt.
Hy kin wol by syn kapitaal,
is ûnderdiel fan eigen stân,
riist boppe ’t grûnflak út,
it útsicht is syn ideaal,
jout sicht op stêd en plattelân
troch inkeld ’t heechste rút.
Troch ’t glês sjocht men wat stiet bekend
as bearenburch fan eigen grûn,
drank foar de iepening;
madam neamt him al gau myn fint
en is net oan de flesse bûn…
sjedêr wjerspegeling.