Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Snein yn in oare tiid

Lyrysk Deiboek

’t Wie sneintemoarn, acht oere,
doe’t it reid de eare song
fan skepping of fan evolúsje,
yn ferhâlding wie it grien noch jong,
hie yn de maitiid wol fidúsje.

Twa iere skippen foeren
fan it suden nei it noard,
ferskillend kamen se foar eagen,
ien hie lizzend libben guod oan board,
it oare foer heech op ’e weagen.

It reid song troch en roerde
him noch sterker yn it liet
oer ’t minsdom yn de evolúsje,
’t wie wol snein, mar yn in oare tiid,
de werklikheid wie gjin yllúzje.

admin

Steurende tikken

Lyrysk Deiboek

Syn krollen passe by de muorre,
regelmjittich is it holledak,
dêrûnder rêst de geast,
it liket, hy is wol teplak,
it giet him net om lêst of earst.

De eachopslach keart hy nei binnen,
dat gjin byld fan bûten him berikt,
wat rêst jout oan de geast,
sadat dy net nei ’t heechste rikt,
it giet him net om minst of meast.

Mar frjemd dat tikken him berikke,
regelmjittich as de slach fan ’t hert,
mar steurend foar de geast,
betiid of let ferneart er net,
it giet him net om lêst of earst.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum