Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Nylgoes ûnder kobfolk

Lyrysk Deiboek

Autochtoan, dat is de kobbe,
’t blanke is him oan te sjen,
de brune kop komt fan de sinne
op grûn fan in bysûnder gen,
op ’t eigen eilân moat soks kinne.

’t Kobfolk wennet yn in dobbe,
swimmend, fleanend of op grûn
fan eigen folk it aldermeaste;
sy briede yn in hecht ferbûn
mei op ’e foargrûn Kob de Earste.

Op ’e troan lit hy him kenne,
skreauwend as in presidint
yn isolaasje op in eilân,
net oan in rûnte oaren wend,
sa stiet syn sin op nacht- en deistân.

Sjochris, net op ’t eilân berne,
stiet de Nylgoes op ’e troan,
yn glydflecht lâne op ’e dobbe,
sa’n allochtoan lûkt oaren oan…
besmetlik foar it folk fan kobben.

admin

Waan fan de mûzefalk

Lyrysk Deiboek

It wie wol droech, ferskate dagen al,
mar boppe maaiegreiden hong de mist
as woe de moarnsloft noch in dripke jaan,
mar earlik sein, de maitiid wie net gol.

De mûzefalk wie út syn deistich dwaan,
hie troch de dize op ’e mûs gjin sicht,
fleach hastich nei in lege wettertank,
breedwjukkich yn syn boppe-ierdske waan.

Hy lâne linich op it hurde stiel
en rôp de wolken op ta wetterplicht,
doe’t dat net slagge troch it droege waar,
besocht de falk it op in plat paniel.

It wie wol glêd en boppedat klonk ’t raar,
syn skerpe snaffel kraste oer it glês,
sa dage hy de sinnestrielen út…
sjedêr de mist sloech acht op it gefaar.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum