juni 26, 2017
Wurd wekker, de sinne is op
en fervet de snilen al grien,
wa stekt dan net heger de kop,
hat lang op ien poat hjir al stien,
sa klinkt de kwêkjende rop.
De lêch is al wiken wer út,
it kroas is it wetter oerflein,
’t wie neffens it memme-beslút
dat piken feroarje yn ein,
sa klonk de kwêkjende tút.
Hâld op mei ’t betide gerop,
de sliep ha ik lang noch net út,
lûk leger it kwêkjende krop,
sjoch hoe’t hjir it kroas my omslút,
dus is it lang noch net op.
juni 19, 2017
Wa docht it yn de skuorre?
’t Is gjin fraach mear foar de boereswel,
dy’t meifljocht nei moderne tiden,
dan is de balke net yn tel,
tradysje hat te lang al duorre.
Sy docht it op in doaze,
want kontakt giet hjoed de dei lang mei,
dan bliuwe swellen net fansiden,
it nêst hjit wolkom aai nei aai,
sysels sit ûnderdak op roazen.
Hy socht it yn ferljochting,
wol sa helder yn de koarte nacht,
wylst sy waarmfearrich sit te brieden;
hysels hoecht dan net mear op wacht,
kiest foar de lol in oare rjochting.