juli 17, 2017
Kom op, de kop moat út ’e fearren,
want ha wy net alle rjocht
om hjir ek op te sprekken?
Wy wiene wiken ûnderweis,
ha dagen om dit eilân socht,
dus lit ús dizze grûn tegearre
fûl ferdigenje tsjin gekken.
Lit my no einlings efkes sliepe
nei dy lange Fryslân-reis,
hâld do de eagen iepen.
Wy binne oan ús stân ferplichte
as twa guozzen fan de Nyl
om ’t folk hjir oan te sprekken
mei âld-Egyptyske kultuer,
dat is op ’t lêst ús eigen styl,
op grûn dêrfan fljochst nei de hichte,
mar de fraach is… ek dy gekken?
Ik sil no nei de stân fernimme,
sjoch hjir oars net as natuer…
lit blanken rêstich swimme.
juli 10, 2017
It rôlet stadich oer de Grienedyk,
want de rollator wol net hurder
as twa fuotten, oanstjoerd troch de geast
dy’t efkes bûten westen wie,
mar hjoed fielt hy him ryk.
Hy wie it giseljen fan crossen wend,
de motor alle kearen hurder
mei ’t ultime doel fan ‘ik wurd earst’,
omdat er wer twa knibbels hie,
foar him folslein bekend.
Syn motor crosste sa’t er hawwe woe,
mar hurder soe ’t perfoarst net wurde:
crashend kaam er op ’e hurde grûn,
wist efkes net wat hy dêr die
en wat hysels noch koe.
Draaibonken stikken yn de rêchkolom…
wat soe de takomst foar him wurde?
Rôljend hat er dochs syn draai wer fûn,
de geast joech him in goede rie:
de Grienedyk mar om!