augustus 7, 2017
Withoefolle skippen lizze
yn dy iene wike fan it jier
yn ’t wetterpoarteplak…
wat skip it wurdt, wa sil it sizze?
Is it dy boat of krekt dizze?
Allegearre lizze foar ’t plezier,
mar ek foar ûnderdak…
wat boat it wurdt, wa sil it sizze?
Ien kin alle jierren risse
folle mear as hiel de silersfloat,
’t giet hinne en ek wer,
it Poiesz-skip bliuwt net oeren lizzen.
Withoefolle sille ’t misse,
foer net nei de Snitser mar dy boat,
fan ’t jier is hy de stjer,
dus sil gjin minske him leechlizze.
augustus 4, 2017
De hiele dei troch swalken bisten
by de suver blauwe himel lâns,
de kop omheech om ta te happen;
fantasearjend griep it bern syn kâns:
‘De wolf jou ik de klappen!’
De bisten draafden driigjend fierder,
frieten ûnderwilens harren dik
en ferven tagelyk it wetter;
wylst er gûlde, kriich de wolf de hik,
de hynst sloech op ’e kletter.
De fonken spatten fan de hoeven,
dat it wie gefaarlik om te sjen,
gjin minske wie mear op ’e lappen;
mei de eagen ticht, sa hearde ’t bern
dochs noch de fûle klappen.