september 11, 2017
Syn skaad foel op ’e bjirkestam,
in spul fan ljocht en tsjuster,
’t gie him om fan read nei pears
te skôgjen; al syn libbenlang
fan himelheech oant wetterleech
te speuren nei de klû en ’t kluster.
Soms stie syn hert yn fjoer en flam,
mar faker stie it wetter
oan de skiere lippen ta;
foar eagen hie er dan de slang
fan himelheech oant ierdeleech…
’t ferbeane smakke folle better.
De dea kroep oer de bjirkestam,
gjin kleur koe him noch rêde,
ek al gie ’t fan read nei pears,
mar ien wie minder fan belang
as net te tellen yn beweech:
de fruchten tusken stâl en blêden.
september 4, 2017
De wjukken ha har plicht wer dien
en binne yn de rêst,
de snaffels litte har net hearre,
want ferfage is de grins
fan elk syn territoarium,
de jongen ha folwoeksen fearren.
De sinne is krekt ûndergien,
hie fan gjin wolkje lêst
en hat in oere lang noch streke
oan it jûntiidsskilderij,
dat al ferfaget tel nei tel,
wat foar it minskdom jildt as teken.
Sjedêr, nei boppen is er gien,
it swarte docht it bêst
op ’t reade fan wat liet de sinne
achter, ’t is yn harmony,
dit is syn territoarium
foar inkeld jûn, dat moat noch kinne.