september 25, 2017
De stâlen stean noch rjocht oerein,
wol hat de tûke djipper bûgd
as hjoed troch ’t stoarmgeweld
en alle dagen rein.
De sinne mei it wolkewiet
fertelle kleurich it ferhaal
dat Noäch net mear telt…
ûntelber nei de tiid.
De stâlen jouwe tûzenfâld
en sprekke yn de âlde taal
dat siedzjen altyd telt
yn hiel de wide wrâld.
Mar wurdt in kerrel ta in munt,
útwreidzjend op miljoeneskaal,
dan is ien ding dat telt:
seis kear dyselde stunt.
De stâlen stean noch rjocht oerein
salang’t twa reeën derfoar gean
en om’t de bôge meldt:
de rêding is foarsein.
september 18, 2017
Gjin wûnder dat se yn de slomme
leine, ’t wie noch yn de iere moarn,
de simmernachten wiene koart
foar skiep om al oerein te kommen.
Net folle wie der om de poaten,
ien wie al as hongerlijer stoarn,
mar fierder wie der neat mear bard,
foar harren wie it libben kloaten.
De fûgel hie mei har begrutsjen,
want syn eigen libben wie swart-wyt,
dêr boppe-op in kleureglâns,
dus kaam er del foar ’t optein wurdsje:
‘Do swarte hast neat mei it wite,
dream de kleur as hege favoryt,
ast mei my fljochst, bliuwst yn balâns,
wat kin dy noch dit raaifjild skite?’
De jonge raam, noch heal yn slomme,
gong oerein en stiek syn poaten út,
mar kaam noch heger noch foarút…
de ekster hat de stront opromme.