Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Kop derby

Lyrysk Deiboek

De kop der noch net by
nei’t dûken nei de iel,
dy’t him te glêd ôf wie…
trochwiet waard doe syn diel.

De wjukken breedwei út
fanwege minder fet,
de wyn dy’t dêrfoar stiet,
nimt drûchte mei út súd.

De spegel skaait nei flak,
sa komt er goed yn byld,
noch altyd sûnder kop,
dy’t mei it krop ompielt.

Wa komt dêr foar it ljocht
nei ek in djippe dûk?
Hat dy in heger krop
as wêr’t hysels om socht?

De kop derby, omheech
de snaffel, wiid de kiel,
hy is al út ’e rie:
sa wurdt de iel syn diel.

admin

Fertikale tekens

Lyrysk Deiboek

Wêr giet it yn de moarntiid hinne
op ’e flakte fan de mar
as kimen klimme út ’e dize?
Wiist de koers dan net nei ’t far,
dêr’t yn de djipte swimt de snoekbears,
ûnbewust fan ’t fangstgefaar…
it wachtsjen is noch op ’e sinne.

De mar leit stil yn rjochte streken,
sykjend giet it nei it plak
dêr’t yn de fierte mêsten rize,
wizend: hjir krijst dyn gerak,
de stream fiert mei de swierste snoekbears,
ûnbewust, noch neat gewaar…
it fertikale is in teken.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum