juni 19, 2017
Wa docht it yn de skuorre?
’t Is gjin fraach mear foar de boereswel,
dy’t meifljocht nei moderne tiden,
dan is de balke net yn tel,
tradysje hat te lang al duorre.
Sy docht it op in doaze,
want kontakt giet hjoed de dei lang mei,
dan bliuwe swellen net fansiden,
it nêst hjit wolkom aai nei aai,
sysels sit ûnderdak op roazen.
Hy socht it yn ferljochting,
wol sa helder yn de koarte nacht,
wylst sy waarmfearrich sit te brieden;
hysels hoecht dan net mear op wacht,
kiest foar de lol in oare rjochting.
juni 12, 2017
Autochtoan, dat is de kobbe,
’t blanke is him oan te sjen,
de brune kop komt fan de sinne
op grûn fan in bysûnder gen,
op ’t eigen eilân moat soks kinne.
’t Kobfolk wennet yn in dobbe,
swimmend, fleanend of op grûn
fan eigen folk it aldermeaste;
sy briede yn in hecht ferbûn
mei op ’e foargrûn Kob de Earste.
Op ’e troan lit hy him kenne,
skreauwend as in presidint
yn isolaasje op in eilân,
net oan in rûnte oaren wend,
sa stiet syn sin op nacht- en deistân.
Sjochris, net op ’t eilân berne,
stiet de Nylgoes op ’e troan,
yn glydflecht lâne op ’e dobbe,
sa’n allochtoan lûkt oaren oan…
besmetlik foar it folk fan kobben.