Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Lyrysk Deiboek category

admin

Rûnom romte

Lyrysk Deiboek

Syn punt stekt al de hichte yn
as wurdt der wachte op ’t lansearjen
fan Kaap de Platte Potten ôf,
dy’t yn de rûnte rint…
’t kin amper noch mislearje.

Want op ’e achtergrûn ferriist
it romteskip dat mei syn streken
passearret swarte gatten, trou
syn koers opnij ôfstimt…
foar de raket in teken.

Klim sels de stielen hichte yn
om oer ’t hielal te fantasearjen
of út te sjen oer ’t lege blau;
wa’t yn de rûnte rint,
sil ’t útsicht heech wurdearje.

admin

Frije fûgels

Lyrysk Deiboek

It minskdom is oan regels bûn,
lit oars syn ego jilde,
dus kanalisearje ’t farrensfolk
fan moarns betiid oant yn de jûn,
it binne buorden dy’t drok drille.

Se steane heech en ha in foarm
dy’t oars is as foar tsjillen,
mei in teken spylje se foar tolk;
de skipper hat in eigen noarm,
syn eachopslach glydt oer de fjilden.

De frije fûgels sykje om
de romte sûnder regel
by ’t lemieren of in jûntiidswolk,
kanalisearje is mar stom,
de mar is hjoed foar har de spegel.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum