december 29, 2025

fan ûnbekend*
En God skoep de frou,
har namme wie BB,
sy plôke frucht nei frucht
en naam it net sa nau.
God skoep op lege grûn
de boer, lid fan de BBB
mei Eva as syn heech idoal,
sy hat him oan har boezem bûn.
Nei ferrin fan tiid
kaam foar BB de ein
fan bylden yn it hôf
fan Eden, byld waard died.
De died kaam net nei ’t wurd
op folle grûn by BBB,
gjin harmony mei Gods natoer,
yn stâlen swypke mannich sturt.
En God seach de frou,
har namme wie BB,
model foar BBB,
har fee siet net yn ’t nau.
Foto ‘Brigitte Bardot’
december 24, 2025

fan Ernest Hiolle*
It barde op ús krystjûn
dat Kristus wer net berne waard,
hoewol’t men nei him útsjoen hie,
lykas de joaden nei Messias,
dy’t kristenen ûnthjitten hiene
dat de soan fan David komme soe,
fergees, it lei net yn syn aard.
Dat aard hat wol Narcissus
yn Washington, Jeruzalem
en wêr’t hy op ’e wrâld ek is;
Narcissus sjocht him as Messias
dy’t arrogant him heger achtet
as de soan fan David en ek as
de Palestyn yn Betlehim.
Lit barre dat Narcissus
yn Washington, Jeruzalem
en wêr’t er op ’e wrâld ek is,
fersûpt yn ’t eigen libbenswetter,
dan sille joad en kristen smachtsje
nei de tiid dat berne wurde sil
in Palestyn yn Betlehim.
* Ernest Hiolle (1834-1886)
Byld ‘Narcissus’