november 27, 2017
Swart as de nacht is ’t ûnderdak
foar wa’t noch leit te sliepen,
mar tsjin ’t hege himeldak
brekt ljocht de dei al iepen.
De koers wurdt útset nei de dei
fan ‘lit mar sjen dyn spoaren’.
Yn ’t bestean wurdst dan net wei,
do fljochtst mei al dy oaren.
En faget wyn de himel skjin,
dan bisto al wer ûnder,
fêst op koers nei dûbelsin,
it roeien giet foar wûnder.
Twa hâlde goed de gong deryn,
noch better binne trije,
yn it spoar is minder wyn,
de moarn sprekt troch te swijen.
november 20, 2017
It binne freontsjes foar it libben
fan it bern, dat noch belibje kin
dat dieren prate kinne;
foar him giet noch gjin wurd ferlern,
sa is hy nea allinne.
Mar komt foar har de lange winter,
dan ferlieze sy de libbensmoed
omdat se hingjen bliuwe;
as hy net komt, dan is ’t foargoed,
beskiten troch de miuwen.
De blêden litte har net falle,
kletse glimkjend oer de bûtenkâns
fan yn de lijte sitte,
mar komt it bern it paadsje lâns,
lit hy syn kâns net sjitte.