december 25, 2017
It wie noch tsjuster en krystmoarn
doe’t ik it wenstich paad berûn
mei tinzen oer in stâl,
rûnom my net te sjen,
dus stapte ik rap oan.
Twa mêsten kriich ik yn it each,
se sprongen boppe beammen út,
mar sûnder ’t folle túch;
ik tocht: noch alles kin,
waard meifierd op in weach.
Ynienen weagen ljochten oan,
twa ingels saaiden stadich del
nei fleugels op ’e top
fan mêsten, klear te sjen,
it fielde as krystmoarn.
It wiene lykwols miuwen, dy’t
it paad befleagen nei de stêd
op wjukken yn de rûs
fan ’t sjongen oer it Bern…
de moarntiid ljochte wyt.
december 18, 2017
Se ha net folle om ’e hakken
alve fan de tolve kear:
myn stappen op ’e promenade,
ik bin der meastal gau mei klear,
gjin nijs op beide kaden.
Mar fan ’e moarn betiid wie ’t rekke,
want ik telde trettjin kear
en skuorde beide eagen iepen,
it wie as hie ik it net mear:
it tal, al stie ’k te sliepen.
Twa skippen leine oan de kade,
yn myn eagen wie ’t bizar:
in hippyskip en oarlochsboaiem,
ik rekke derfan yn de war
op Houkes promenade.
Matroazen wiene oan it klimmen,
wylst de hippys sieten stil
te meditearjen oer it wetter
en wat it letter wurde sil:
‘Ik trimme en do swimme?’